K's foar Kenia


In groep fan 8 persoanen besteande út Fetsje, Peter, Tsjitske, André, Adelma, Jehannes, Jelle en Bregt binne 12 febrewaris nei Kenia fertrokken om dêr te helpen mei it bouwen fan in tredde skoalgebou. Mei as wurktitel K's foar Kenia (kuierje, kwisse, kantklossen, knippen, koeken, krentebollen, klune, keatse foar Kenia) doel wie om foar dat sy fuortgean 10.000 euro op te heljen. Mar úteinlik ha se hast 25.000 euro ophelle!


Tongersdei 12-2

De acht reizigers binne nei dik 24 oeren reizigjen oankommen yn Kenia. Fannemoarn betiid kamen sy oan yn Nairobi en nei 5 oeren wachtsjen yn it sintsje, binne se mei in binnenlânske flecht nei Eldoret flein. Dêr stiene Pamela en Francis mei harren dochters Pinny en Pero harren op te wachtsjen! Mei in buske (of eins twa, want alles paste net yn 1) fierder it binnenlân yn om by Pamela en Francis thús oan te kommen yn Matunda. No earst mar efkes lekker koese!

HELPEN?

Doneer op:

IBAN NL76 ABNA

0572 0781 29


Ten name van

Stichting Doch Dyn Dream