Doch Dyn Dream

Project voor onderwijs en onderdak in Matunda, Kenia

Stichting Doch Dyn Dream helpt kinderen in Kenia aan beter onderwijs en een dak boven hun hoofd

Stichting Doch Dyn Dream zet zich in voor ruim 200

kinderen in Matunda (West-Kenia).

Doelstelling van de stichting is om voor

deze kinderen een veilig onderkomen en onderwijs te

creeren.


Op deze pagina kun je informatie vinden over de oorsprong

van het oprichten van de stichting, over hoe je kunt helpen,

over wat we al gerealiseerd hebben, over acties en

natuurlijk ook over wat de dromen van de kinderen zijn.


Asanti Sana! (bedankt!)







































K’s foar Kenia stelle harren doel by.. OMHEECH!


Dêr’t we yn it begjin soargen hienen oer oft we it streefbedrach fan 10.000 wol helje soenen, is dit bedrach no binnen ‘handbereik’ en ha we besletten ús doelen by te stellen, we gean foar 15.000 euro!

K’s foar Kenia is in wurkgroep dy’t fanút Stifting Doch Dyn Dream yn febrewaris nei Kenia sil om dêr te bouwen oan in skoalle foar weesbern. Op it stuit stean der 2 skoalgebouwen en doel fan K’s foar Kenia wie: jild ynsammelje sadat de Kenianen de fundearring en de muorren fan in tredde skoalgebou delsette kinne, en dan sels it dak der op sette. Dermei wie it gebou noch net ôf west. Der moat bygelyks dêrnei noch ramen en doarren en in flier yn.

De K’s foar Kenia hienen begjin novimber genôch jild ynsammele om de Kenianen begjinne te litten mei bouwen: sy binne dêr begûn mei it meitsjen fan ‘bricks’ (grutte bakstiennnen)!

We merke dat der grut draachflak is foar ús aksjes: minsken fine it hiel fijn dat al it jild dat se donearje rjochtstreeks nei Kenia giet, gjin tuskenpersoanen dy’t jild opstrike. Dêrneist binne de doelen hiel konkreet, jo witte sawat oft jo jild oan bakstiennen of oan dakplaten besteden wurden sil!

Wat we fierder protte hearre is dat we op in leuke manier jild ynsammelje. Kop fan Jut, pubKwis, Krysbeamen, Kâns op moaie prizen yn in lottery, Kane of Klokke foar Kenia.. It binne allegearre aksjes dêr’st oars ek foar betellest, mar no giet it jild nei Kenia! Ek wurdt der ‘gewoan’ donearre, of wolle minsken fergees harren tsjinsten oan ús ferliene. We binne tige wiis mei jimme stipe op hokker wize dan ek!

Mar goed, we steane no dus foar in nije útdaging, fiiftûzen euro ekstra is net neat, wolle jo op hokker wize bydrage oan ús prachtige doel? Jild stoarte kin op IBAN: NL76 ABNA 0572 0781 29, tnv stichting Doch Dyn Dream, ovv: Knaken foar Kenia.

Douwe van Dijk overhandigt de cheque aan Wytske Vermeulen

HELPEN?

Doneer op:

IBAN NL76 ABNA

0572 0781 29


Ten name van

Stichting Doch Dyn Dream

Tussenstand

Knaken Foar Kenia